Dochs in streek troch oanpaste edysje Concours Hippique Bûtenpost

13 jul 2021 - 10:35

It Concours Hippique yn Bûtenpost giet dochs net mear troch. Twa wiken lyn kaam Stichting Paardensportcommissie Buitenpost noch mei wite reek: op 4 augustus soe in oanpaste edysje organisearre wurde. Mar mei it each op it oprinnende tal coronabesmettingen set de organisaasje der dochs in streek troch.

Foto: Concours Hippique Buitenpost

Ferline jier gie it evenemint ek al net troch. It bestjoer woe dêrom graach dat dit jier wol de 67e edysje hâlden wurde koe. De bedoeling is no dat der op 3 augustus 2022 wer in Concours Hippique folget.

Feiligens foarop

'Helaas vormen de nieuwe coronamaatregelen een te grote uitdaging om in dit tijdsbestek het concours te organiseren. Wij keken er ontzettend naar uit, maar de gezondheid en veiligheid van alle bezoekers staat bij de organisatie voorop' lit de organisaasje yn in ferklearring witte.

"Uithuilen en verder"

Foarsitter Tiemen Dolfijn jout oan dat de risiko's net te oersjen binne op dit stuit. "Het draagvlak brokkelt af en de regels worden aangescherpt. We hadden ingeschat dat er zo'n 1.500 mensen zouden komen. Maar we willen hun gezondheid niet in gevaar brengen."

Boppedat fynt Dolfijn dat it te'n koste giet fan it evenemint. "Je kunt mensen ook niet tegenhouden met het zingen en joelen. Eigenlijk wil je dat ook niet afremmen, dat zou het evenement onwaardig zijn."

Foarsitter Tiemen Dolfijn

Neffens de foarsitter hawwe minsken der wol begryp foar. "En ik ben een optimistisch mens, ik blijf positief. Het is uithuilen en direct weer verder."

Kontinuïteit

De bedoeling mei de oanpaste edysje wie al dat minsken harren eigen stuollen meinimme soene. De kaartferkeap wie online en minsken moasten in corona-tagongsbewiis sjen litte om te sjen dat sy feilich wiene. Mar no giet it hielendal net mear troch.

Twa wiken lyn wie de organisaasje noch wakker wiis dat it like dat it mei dy maatregels wol trochgean koe. "We wilden koste wat kost iets doen", sei foarsitter Dolfijn doe. Dat soe wichtich wêze foar de kontinuïteit: de organisaasje wie benaud it omtinken by dielnimmers, eigeners, publyk, sponsoaren en frijwilligers te ferliezen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)