Stichting Amelander Musea wol produksjeline foar Amelanner wol

Amelanner wol kin fan takom jier ôf op it eilân sels ferwurke wurde en hoecht dêrfoar net mear nei Dútslân brocht te wurden. Dat binne de plannen fan de Stichting Amelander Musea.
Amelanner skiep © Shutterstock / R. de Bruijn_Photography
De Amelanner wol wurdt no noch ferwurke yn Dútslân, mar yn Roden stiet in masine dêr't it ek mei barre kin, seit William Beijaard, direkteur fan de Stichting Amelander Musea. Dat is ek goed foar de wurkgelegenheid op it eilân, want foar de betsjinning fan de masine binne aansten op syn minst 2 persoanen nedich.
It plan is dat de masine yn it neijjier ophelle wurde kin en dat it dan yn de winter ynstallearre wurdt yn it lânboumuseum. Mei peaske, as de drokte op it eilân wer tanimt, soene se it earste wol fan de line ôfhelje wolle, seit Beijaard.

'Van A tot Z'

"Ons idee is ook nog om in het landbouwmuseum een soort middenplein te creëren, dat het ook een soort toeristische bezienswaardigheid wordt", seit Beijaard. "Ze kunnen er van A tot Z het hele proces doorlopen."
Omdat het prachtig bijdraagt aan een Amelands product.
Beijaard, direkteur fan de Stichting Amelander Musea oer de masine foar de produksje fan wol
De wol dy't dan makke wurdt kin ferkocht wurde, mar it smyt ek oare ynkomsten op. "Je kunt er eindproducten van maken, maar je moet ook aan het restmateriaal denken. Dat aannemersbedrijven die een houten skelet maken, het in hun wanden als isolatiemateriaal gebruiken."
Foar it projekt mei it Amelanner wol hat it Iepen Mienskipfûns 75.000 euro beskikber steld. De stichting hat de gemeente frege om in bedrach fan 15.000 euro, en ek it Waadfûns foar de maksimale bydrage fan 50.000. "Omdat het prachtig bijdraagt aan een Amelands product, een stukje circulariteit, en de afvalstromen en dergelijke ook verminderd worden."