Topkok moat doarpskafee Wergea rendabel meitsje

It doarpskafee fan Wergea krijt in nije bestimming. De eigeners binne drok oan it ferbouwen om der in grand café fan te meitsjen. Dêrmei wurdt de kroech behâlden en krijt it doarp der in ytgelegenheid by. Mei in topkok. Allinnich de biljertklup moat ferhúzje.
De kroech is no in boupleats fan binnen © Omrop Fryslan
It ferhaal fan it kafee yn Wergea krijt wer in nij haadstik. In pear jier lyn wienen it alve Wergeasters dy't besleaten de kroech op te keapjen. It wie in pear jier dêrfoar fallyt gien.
It doel fan de alve wie om it kafee te behâlden foar Wergea en te sjen wat der mear mooglik wie. De groep makke in plan foar de bou fan seis apparteminten foar de eigen doarpsjeugd, in part waard omboud ta restaurant (Oan Tafel) en yn de tuskentiid runden de manlju de kroech.

In doarpskafee runne is dreech

Mar dat wie in bêst in oanslach. De groep, redusearre ta tsien, wurke troch de wike. Yn it wykein moasten se de boel opknappe en bartsjinsten draaie. De sifers binne swart, mar dúdlik waard dat in doarpskafee gjin lang libben hat.
Wannear komme de minsken? Pas nei tsien oere. Dan kinne je hjir earst wol wat oars dwaan.
Hylke Tholen, ien fan de tsien inisjatyfnimmers
It roer moast om, ek mei it each op alle ferbouwingen dy't noch plakfine moatte. Hylke Tholen, ien fan de tsien: "Sjoch, as wy hjir wat organisearje ha we dat sa regele, yn in wike. Mar wannear komme de minsken? Pas nei tsien oere. Dan kinne je hjir earst wol wat oars dwaan."

Vaartjes werom op âlde grûn

De nije plannen kamen krekt op it momint dat âld-Wergeaster en topkok Geert Jan Vaartjes weromkaam nei it doarp. Pake en beppe Vaartjes wienen earder de eigeners fan it doarpskafee en syn âlden stienen achter de bar.
Vaartjes doarde it aventoer wol oan, mar dan moast der al wat feroarje: "Wolle je soks goed dwaan - in hoarekabedriuw runne én jild fertsjinje - dan moat der iterij by", seit er.

Behâlde foar de leefberheid

Mei de inisjatyfnimmers waard in plan makke. Jan Willem Sinnema: "We wolle it behâlde en benammen ek foar de leefberheid. No sit der wer feroaring oan te kommen. We ha alles no stript om der in grand café fan te meitsjen."
Hylke Tholen © Omrop Fryslan
De muorren wolle se sa ha dat je de stiennen sjogge. Der wurdt besocht oft se it balkeplafond behâlde kinne. De taap bliuwt it sintrum fan de saak en it dartboerd komt werom oan de muorre.

Biljert moat fuort

Allinnich it biljert moat fuort. Vaartjes: "Dat binne seis oant acht tafels dêr't minsken ek ite kinne. Dat is omset dy't je nedich ha om de saak draaiende te hâlden."
Jan Willem Sinnema fûn it beslút dreech: "We ha mei de leden sitten. We ha it se útlein wêrom en dat fine se pynlik, mar se begripe it wol. Se ha in nij plak, want we ha it biljert skonken oan it doarpshûs. Dêr kinne se no teplak."

Wergea oantreklik meitsje

It doel dat se oarspronklik foar eagen hienen, bliuwt stean: it doarp leefber hâlde. "We wolle minsken nei it doarp lûke. Dat se hjir sjogge en komme", seit Vaartjes. "Dat is foar ús ûndernimmers hiel belangryk."
© Omrop Fryslan
It nije grand café, dat de namme JAN! krijt, moat yn septimber iepen. Yn de tuskentiid wurdt noch hurd trochwurke op de earste etaazje. Dêr moatte trije apparteminten makke wurde. Op souder komme dan noch twa hotelkeamers.
"En as dat allegear klear is en we de binde hjir opromme ha, meitsje we achter in moaie binnentún", seit Hylke Tholen. Der moat noch in soad dien wurde, mar de kroech bliuwt behâlden foar it doarp. En dêr wie it de tsien fan Wergea yn earste ynstânsje om te dwaan.