Lifeguards wer paraat op Waadeilannen: KNRM kreatyf yn coronatiid

13 jul 2021 - 07:13

Om nije lifeguards te selektearjen wie dit jier mei it each op de coronamaatregels wat mear kreativiteit nedich as oars, sa jout de KNRM oan. Op de strannen fan ús Waadeilannen binne fan sneon ôf wer lifeguards te finen om badgasten te helpen dy't yn de problemen komme. Sy bliuwe der oant 5 septimber.

KNRM-lifeguards op It Amelân - Foto: Shutterstock.com (emka74)

Neffens Enno de Haan fan de KNRM waard it mei corona wol spannender oft der genôch lifeguards wiene om alle posten te besetten. "Maar vooralsnog hebben we genoeg. Er zijn elke dag 31 mensen aan het werk op de Waddeneilanden. We hopen dat het zo blijft."

By sollisitaasjes wurdt in lifeguard mei ûnderfining keppele oan in sollisitant, om te sjen oft it goede kandidaten binne. De lifeguards moatte op syn minst 400 meter yn 8 minuten swimme kinne. Yn in eksamen dogge sy ek in swimtest.

Posten útinoar hâlde

De KNRM besiket wol rekken te hâlden mei de coronamaatregels, seit De Haan. "De lifeguards die op een post onderling werken, kunnen geen anderhalve meter afstand houden op zo'n werkplek. Maar de lifeguards van de verschillende posten houden we gescheiden. Dus mocht er op één post een besmetting zijn en mensen in quarantaine moeten, dat dat niet betekent dat een andere post meteen in quarantaine moet."

Ofstân

Wol kin der yn needsituaasjes in oare kar makke wurde. "Als iemand echt aan het verdrinken is of als er reanimatie nodig is, dan kijk je wel naar de verhouding tussen het risico dat iemand corona heeft en de winst die er te behalen is bij zo'n actie. Dan redden we gewoon via de normale procedure. Maar bij simpele EHBO-gevallen kan het best zo zijn dat bijvoorbeeld een moeder een wond van een kind zelf schoonmaakt en wij de pleisters aanreiken. Zo houd je toch zoveel mogelijk afstand."

Enno de Haan fan de KNRM

Op It Amelân wikselje sa'n 13 lifeguards inoar ôf op de 4 strannen dêr't swommen wurde mei. Cor de Jong is de lokale koördinator fan de lifeguards op It Amelân, Hy fertelt dat der sûnt it wykein aldergeloks noch gjin aksjes nedich wiene.

EHBO

Somtiden komt it foar dat swimmers wat te fier yn see geane, seit De Jong. Mar de lifeguards komme faker yn aksje by oare ûngemakken. "We doen veel EHBO-werk. Er zijn kleine gevallen zoals kleine wonden, sneetjes of muggenbeten. Die kleine gevallen kwamen ongeveer 500 keer voor op Ameland vorig jaar. En grote gevallen zoals een arm uit de kom kwamen zo'n 20 keer voor over alle posten."

Yn seldsume gefallen hat de KNRM mei heftiger saken te krijen. Sa waar der ferline jier yn july in stoflik omskot by It Amelân fûn. Dat wie fan in 14-jierrich Dútsk famke dat al in pear dagen mist waard. Dit barren hat in grutte wjerslach hân op de lifeguards, fertelt De Jong. "Zij hadden een verschrikkelijk heftige week, omdat ze er als eerste bij betrokken waren. Dat heeft een grote impact gehad op alle lifeguards op Ameland. Gelukkig hebben we ook nazorg beschikbaar, zoiets is heel erg belangrijk."

Cor de Jong fan de KNRM op It Amelân

(Advertinsje)
(Advertinsje)