Fytsers en mountainbikers tenei keard by It Mandefjild by Bakkefean

Natuergebiet It Mandefjild yn de Bakkefeanske Dunen by Bakkefean is sûnt moandei net mear tagonklik foar fytsers. Ruters en motorisearre ferkear wiene al net wolkom. Dat dêr no ek fytsers by kaam binne hat benammen te krijen mei mountainbikers.
Boskgebiet by Bakkefean © Shutterstock.com (Mr. Meijer)
Mountainbikers en crossers soargje foar tefolle skea, seit boskwachter Manon van Wesel. "Je kunt je voorstellen dat je in zo'n natuurgebied allerlei soorten hebt. Die zoeken hun eten, moeten rusten, broeden misschien wel. Als daar dan dagelijks mensen doorheen banjeren, verstoort dat. Dat kan zover gaan dat ze weggejaagd worden."
It Mandefjild is in gebiet mei in grut ferskaat oan natuer, mei bosk, heide, finnen, gerslannen en stosânterrein. Der libje reptilen lykas de njirre en de gerskrûper, mar ek bysûndere ynsekten lykas it heideblaujurkje en it grienjurkje.

Oaljefantepaadsjes

Op de buorden stiet al 'wandelen op wegen en paden,' mei oare wurden: it gebiet wie eins sawiesa bestimd foar allinne kuierders. "Maar we zien de laatste jaren het aantal mountainbikers en crossmotoren toeneemt. We zien ook steeds meer olifantenpaadjes ontstaan: paden die er eerder niet lagen en door ons als mens zijn gemaakt, doordat er bijvoorbeeld gewandeld of gefietst wordt."
Boskwachter Manon van Wesel
En ek dy 'oaljefantepaadsjes' bringe al fersteuring mei har mei. "Korstmossen en grassen kunnen zich er niet ontwikkelen. Het is kwetsbaar. En de dieren die daar weer van afhankelijk zijn, komen er dan ook niet meer."
Dêrom hawwe Steatsboskbehear en It Fryske Gea besletten it gebiet net mear iepen te stellen foar fytsers en crossers.