Biblioteken lienden minder boeken út mei corona, mar wol mear e-books

Biblioteken yn Fryslân moatte in hieltyd sintralere rol yn de maatskippij krije. Dat seit direkteur Karin Meijerman fan de biblioteek yn Drachten. It draait net allinne mear om boeken te lienen, mar ek om inoar te moetsjen en je te ûntwikkeljen.
Biblioteken ha minder leden, mar binne wol finansjeel sûn bleaun:
Troch de útbraak fan it coronafirus binne ferline jier 25 persint minder boeken útliend. Wol is de útlien fan e-books mei 40 persint tanommen. "De biblioteek libbet", seit Meijerman. "In soad minsken fûnen it ferskriklik dat wy net iepen wiene mei corona. Minsken komme hjir om te wurkjen, te lêzen, om help yn it formulieresprekoere, echt fan alles."

Ofhelservice

De Drachtster biblioteek hat syn bêst dien om de minsken dochs fan boeken te foarsjen. "Der wie in ôfhelservice: meiwurkers sochten de boeken byinoar, dat wie in soad wurk. Dus wy hiene it tige drok."
© Bibliotheek Drachten
En der wurde dus folle mear e-books útliend as earst. "Mar it is noch wol in lyts part fan wat der útliend wurd, faak wolle minsken dochs in echt boek yn 'e hannen hawwe."
It ledetal is mar hiel beheind weromrûn, fertelt Meijerman. De biblioteek bleau finansjeel sûn, mei troch de subsydzje fan de gemeente. "En gewoanwei hiene wy kosten om aktiviteiten te organisearjen, mar dat wie no ek net. Dus dat jild koene wy besparje."

Feroarjende funksje

De funksje fan de biblioteek is bot feroare, leit de direkteur fan de biblioteek út. "Eartiids lienden wy allinne boeken út en hiene wy wat aktiviteiten. Mar in pear jier lyn is der sein: wy binne der as biblioteken foar de ûntwikkeling fan minsken. Lêze, skriuwe, kompjûterfeardigens. Mar ek hiel breed. Je kinne by ús kursussen en workshops folgje, mar ek stipe krije foar bygelyks de administraasje."
Ferslachjouwer Andries Bakker yn petear mei direkteur Karin Meijerman