Oefenwedstriid Cambuur giet net troch om sykte

12 jul 2021 - 21:00

De oefenwedstriid dy't SC Cambuur tiisdeitejûn spylje soe tsjin FC Dordrecht giet net troch. It hat te krijen mei ferskate coronagefallen by Dordrecht. Cambuur besiket om in nije tsjinstanner te finen.

Foto: ANP

It hie de twadde oefenwedstriid fan Cambuur wêze moatte yn tarieding op it nije seizoen. Ofrûne wykein wûnen de Ljouwerters mei 6-0 fan Telstar. Dy ploech ferfong FC Twente, nei't dy ôfsein hienen.

Mooglik dat Cambuur dus noch in oare tsjinstanner fynt om tiisdeitejûn tsjin te oefenjen. De Ljouwerters binne dêr drok mei dwaande, seit de klup.

De folgjende wedstriid fan Cambuur stiet pland foar kommende sneon, tsjin RWD Molenbeek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)