Wer minder romte foar kantoaren yn Fryslân

12 jul 2021 - 20:51

It tal kante meters kantoarromte yn Fryslân lei ferline jier 11.000 kante meter leger as twa jier dêrfoar. Dat it tal kante meters ôfnaam is, hat ûnder oare te krijen mei it ombouwen fan kantoarromte nei wenromte.

Kantoargebouwen yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Yn 2018 wie der yn Fryslân noch 930.000 kante meter oan kantoarromte. Ofrûne jier wie dat noch 919.000 kante meter. Dat docht bliken út sifers fan makeldersferienings NVM. Dy besjocht ien kear yn de twa jier hoefolle kantoarromte der yn ús lân is.

Neat byboud

In grut diel fan de delgong yn kantoarromte wie yn Ljouwert. Dêr gong it fan 536.000 kante meter nei 527.000. Neffens de NVM is der ferline jier gjin kantoarromte byboud yn ús provinsje.

De delgong yn kantoarromte is net fan de ôfrûne twa jier. Sûnt 2014 rint it tal kante meters dat yn ús provinsje út kantoar bestiet werom.

Allinnich minder yn Drinte en Seelân

Allinnich yn Drinte (620.500) en Seelân (487.000) is der minder kante meter oan kantoarromte as yn ús provinsje. Fierwei de measte kantoaren steane yn Noard- en Súd-Hollân, mei elk mear as tsien miljoen kante meter.

Trefwurden: 
NVM kantoar
(Advertinsje)
(Advertinsje)