Kâns op yllegale feesten nimt ta, seit boekingsburo

12 jul 2021 - 18:57

Doarpsfeesten, mar ek in ferskaat oan oare eveneminten gean net troch fanwege de strangere coronaregels. It gefolch kin wêze dat it tal yllegale feesten tanimt. Dat foarseit boekingsburo BME.

"We wurde der strontsiik fan", seit Fokko Dam fan boekingsburo BME:

It bestjoer fan de Wytmarsumer merke baalt dat sy harren feest op 1 augustus net trochgean litte koenen. "Mar de teloarstelling is no wol wer in bytsje foarby, want wy sitte mei ús allen yn itselde 'schuitje'", seit foarsitter Gabian van Popta.

Artysten noch wol nei lytsere feesten

Tagelyk reint it ôfsizzingen by BME Bookings yn Skraard. "Wy hawwe it hartstikke drok mei annulearringen en ferpleatsingen", seit Fokko Dam fan it boekingsburo. Allinnich oan lytsere feesten kin hy syn artysten noch kwyt.

In doarpsfeest yn Ousterhaule - Foto: Omrop Fryslân

BME hat it kantoar yn Wytmarsum al ferkeapje moatten en hiert no in romte. Dam krijt folle minder jild as syn kollega's om it omsetferlies te kompensearjen, omdat sy yn in ferkearde kategory ynskreaun binne by de Keamer fan Keaphannel. Dêr komt ynkoarten noch in rjochtsaak achterwei.

"Neat betelle"

Foar Van Popta is it allegearre noch wol te oersjen: "Wy hawwe eins alles noch ôfsizze kind. Wy hiene noch neat betelle." Hy hat wol begrutsjen mei de doarpsfeesten dy't it ôfrûne wykein mei de nije regels konfrontearre waarden.

Fokko Dam ferwachtet dat in part fan syn artysten aanst op yllegale feestjes stiet: "Dat tink ik wol, mar dêr ynformearje ik net nei. De ferantwurding leit dan by harren. Ik tink wol dat der aanst hieltyd mear yllegale feestjes komme. Foar ús wol moai, mar ja, ik wit net hoe't it komt."

Demisjonêr minister Hugo de Jonge - Foto: ANP

It demisjonêre kabinet hat moandei tasein dat se sjen wolle oft doarpsfeesten in fergoeding of kompensaasje krije kinne. De feesten falle net ûnder de garânsjeregeling dy't yn it libben roppen is foar eveneminten.

"De ministers gaan bekijken hoe groot het probleem is en hoeveel schade er wordt geleden. Dat is niet voor iedereen hetzelfde, want een braderie of een kermis kan wel doorgaan. Ze gaan uitzoeken of er maatwerk geleverd kan worden", seit Hubert Bruls. Hy is foarsitter fan it Veiligheidsberaad, dêr't demisjonêr ministers De Jonge en Grapperhaus har tasizzingen dien ha.

De strangere regels foar eveneminten en hoareka binne der fansels net om neat kaam: it tal besmettingen rint hurd op. De fraach is wol oft minsken harren noch wat stjoere litte, as it om dy maatregels giet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)