Zeinstra glunderet nei Wembley: "Tige grutsk hoe't it gien is"

"It wie echt genietsjen." Erwin Zeinstra stie sneintejûn op it fjild by de EK-finale. Op it hillige Wembley wie hy assistint-skiedsrjochter by Italië - Ingelân. Yn dizze SportCast ha we kontakt mei Zeinstra en prate we mei Hessel Steegstra en Jan de Vries. Sy hellen ek as assistint-skiedsrjochters de heale finale fan it EK.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Zeinstra is krekt oankaam op Schiphol as we mei him belje. "Wy binne tige grutsk oer hoe't it gien is. Ast nei ôfrin safolle kompliminten krijst, dan witte je dat it goed gongen is."
"It wie echt genietsjen, krijst der echt in kick fan. Twa fan sokke lannen yn de finale, dat wie fantastysk."

Oars as klupfuotbal

Zeinstra die earder de finale fan de Champions League, de Europa League en de Confederations Cup. "De EK-finale stiet wol echt boppe-oan. Hast fiif wiken fan hûs west en libbest der hielendal nei ta. Dat is ek oars as klupfuotbal."
We hiene noait tocht dat we safier komme soene.
Jan de Vries
Mei Zeinstra ha we it oer de mooglike reade kaart foar Jorginho, oer de sfear op Wembley en oer it mooglike ôfskied fan Björn Kuipers.
Mei Hessel Steegstra en Jan de Vries sjogge we werom op it foar harren suksesfolle EK. "We hiene noait tocht dat we safier komme soene", seit De Vries. "Ien of twa groepswedstriden en dat is it. Mar dat we de heale finale dwaan mochten, is geweldich."

Baalmomintsjes

Dochs wiene der ek mominten wêr't se efterôf fan baalden. Steegstra: "Ik hie wol ien momintsje, ja. By in corner. Der gong in spiler bûten it fjild stean en ik flagge, want dat mei net. Mar minsken tochten dat ik foar bûtenspul flagge. Dêr baalde ik fan."
Jan de Vries hie ek sa'n momint: "Ik hie in VAR-yngreep. Dat is hiel ferfelend. Der stie in spiler hiel skerp wol of net bûtenspul. Dus mei de wittenskip dat publyk goals sjen wol en by twivel trochgean litte, flagge ik net. Dan sjocht de VAR it wol, of net? Ik ha de ferkearde beslissing naam. Dat wurdt je dan net ferwiten, mar je bale wol."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.