'Lab fakânsjetesters hat it te drok, ferskate reizgers misse flecht'

12 jul 2021 - 20:55

It grutte testbedriuw Lead Healthcare hâldt tydlik op mei it testen fan fakânsjegongers, omdat it de drokte net oankin. It bedriuw hat mear as hûndert lokaasjes yn Nederlân, wêrûnder seis yn Fryslân.

Foto: ANP

De Fryske lokaasjes fan Lead Healthcare sitte yn Drachten, Boalsert, Ljouwert, Snits, op It Hearrenfean en De Jouwer. Sûnt minsken dêr fergees teste kinne foardat se op fakânsje geane, is it 'ekstreem drok', meldt RTL Nieuws. De laboratoaria kinne de útslaggen net op 'e tiid ferwurkje.

Minsken dy't al in ôfspraak ha kinne noch komme, mar der wurde gjin nije ôfspraken mear makke. Tûzenen fakânsjegongers wachtsje noch hieltyd op de útslach fan har coronatest en meardere reizgers ha har flecht al mist.

(Advertinsje)
(Advertinsje)