Twiveltoeristen komme nei Fryslân: "We wilden geen stress"

12 jul 2021 - 17:29

It is dizze fakânsjeperioade de grutte fraach dy't in soad minsken dwaande hâldt: wêr moatte we dit jier no ris op fakânsje? Troch it coronafirus is it dreech om in fakânsje nei it bûtenlân te boeken. In soad minsken kieze foar de feilige opsje en bliuwe yn Nederlân. En dus is it smoardrok op Fryske campings mei saneamde twiveltoeristen.

It is drok by rekreaasjesintrum De Wâldsang yn Bakkefean:

By camping De Wâldsang yn Bakkefean ûntfange sy in protte toeristen dy't gewoanwei yn it bûtenlân sitte, mar no dochs yn eigen lân bliuwe. "Wij horen inderdaad bij die bekende groep van twijfeltoeristen ja", seit René Anceaux, wylst er op in stuoltsje foar syn tinte sit.

Gjin stress of ûnwissichheid

Anceaux woe earst nei Denemarken of Spanje, mar troch it coronafirus gong dat net troch. "Dat was eigenlijk verleden jaar al, maar toen werd het op het laatst geannuleerd. We kwamen toen last minute in Bakkeveen terecht en dat beviel ons zo goed, dus we zijn gebleven. Nu wilden we de stress voor zijn en hebben we in februari geboekt. Volgend jaar kijken we wel weer verder. We wilden nu geen stress."

Marijke Rost út Kampen hie itselde idee. "Ik wilde graag naar het buitenland, maar het werd allemaal een beetje te onzeker." Har man Bart fynt it wol prima om hjir te bliuwen.

Marijke en Bart Rost út Kampen - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It ferhaal fan Anceaux stiet net op himsels. Regiomanager Petra Ellens fan de HISWA-RECRON (de ûndernimmersorganisaasje foar bedriuwen yn de wettersport en rekreaasje) sjocht dat folle minder Nederlanners foar it bûtenlân kieze.

Minsken wolle ek dúdlikens hawwe. Dêrom kieze se foar Nederlân.

Petra Ellens fan de HISWA-RECRON

"Der binne in soad minsken dy't yn Nederlân bliuwe, om't minsken gjin stress hawwe wolle", seit Ellens. "De fakânsjeperioade stiet fêst, minsken wolle ek dúdlikens hawwe. Dêrom kieze se foar Nederlân. Se sykje ûntspanning."

Net maklik om in plakje te finen

It is dêrom ek al dreech om noch in plak te finen op bygelyks in camping, seit Ellens. "Je sjogge dat de wiken fan de skoalfakânsje by de measte campings al flink fol reitsje. Der binne altyd noch wolris minsken dy't annulearje op it lêste momint. Dus hjir en dêr kin der noch in plakje frij komme. Mar it sil de minsken mear muoite kostje as foarhinne."

Gasten op de camping fan Bakkefean - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Moai nijs foar de ûndernimmer, mar der binne ek soargen. Bygelyks oer de fraach hoe't it mei de coronapyk ûnder jongerein komt.

Alle minsken nedich

"Ik ha 25 man personiel", seit Jan Willem Russchen, eigener fan de camping yn Bakkefean. "Mar dy binne allegearre wat jonger. It kin aanst in probleem wêze as sy in in kroech sitte dêr't in útbraak is. Sneon begjint it seizoen en dan sit it fol hjir. Ik ha dan alle minsken wol nedich. In karantêne kin ik dan ek net brûke. Dus dat hâldt my somtiden wol dwaande."

(Advertinsje)
(Advertinsje)