Kolleezje Ljouwert wol troch mei festivals yn Griene Stjer

12 jul 2021 - 17:08

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn Ljouwert wol trochgean mei it organisearjen fan festivals yn de Griene Stjer, salang't de ried dat ek wol. Letter dit jier sil it kolleezje 'yntinsyf' nei it bestimmingsplan sjen. It moat makliker wurde om yn it gebiet festivals te hâlden.

It haadpoadium fan Welcome to the Village - Foto: Leo Middelsé

"Als gemeente vinden we het belangrijk dat inwoners en bezoekers van cultuur kunnen genieten, binnen en buiten", seit in wurdfierder tsjin Leo Middelsé.

Kommend wykein soe it festival Welcome to The Village yn de Griene Stjer holden wurde, mar dat is fan de baan. Yn earste ynstânsje net troch de coronamaatregels, mar troch de gong nei de rjochter fan stichting Groene Ster Duurzaam. Dy stichting is benaud foar natuerskea en krige gelyk fan de rjochter. Dy skraste de fergunning fan it evenemint.

Dêrnei hat de organisaasje noch wol socht nei oare lokaasjes, mar no't it kabinet de coronamaatregels oanskerpet, kin dat ek net mear trochgean.

"De festivals in de Groene Ster liggen juridisch zeer complex, waarbij we bij de rechter een aantal keren ongelijk hebben gekregen", seit in wurdfierder fan de gemeente Ljouwert. "Daar leren we van, maar het betekent soms wel dat we een deel van ons huiswerk moeten overdoen."

Bestimmingsplan feroarje

De gemeente wurket ûnder oare oan it oanpassing fan it bestimmingsplan yn de Griene Stjer. "Daarmee beogen we het op een verantwoorde manier voor de inwoners makkelijker te maken om festivals in dat recreatiegebied te organiseren." De bedoeling is om de earste ferzje fan it bestimmingsplan letter dit jier klear te hawwen.

Wij willen hier blijven, wij zijn hier geboren en wij zijn hier omdat het kan en omdat we zien dat hier kansen liggen.

Artistyk lieder Eva van Netten fan Welcome to The Village

De organisaasje fan Welcome to The Village wol net út Ljouwert wei, seit artistyk lieder Eva van Netten. "Wij willen hier blijven, wij zijn hier geboren en wij zijn hier omdat het kan en omdat we zien dat hier kansen liggen. Dus we willen heel graag dat die infrastructuur daar ook voor is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)