Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra feestlik ûnthelle yn Dronryp

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra is nei syn suksesfolle EK werom syn wenplak Dronryp. Dêr waard er ûnthelle troch in lyts komitee mei famylje en freonen. "Dit jout wol oan hoe't it doarp en hielendal de minsken hjir yn de buert meilibbe ha. Dat hat my goed dien."
Sjoch hjir hoe't Zeinstra thúskaam nei syn EK-aventoer:
Zeinstra (44) joech sneintejûn op Wembley lieding oan de EK-finale tusken Italië en Ingelân. Italië wûn dy finale nei strafskoppen.
Yn syn karriêre hat Zeinstra lieding jûn oan 658 wedstriden. Sûnt 2010 assistearret er Björn Kuipers. De EK-finale is it hichtepunt yn syn karriêre, seit Zeinstra.

Moaier kin net

"Hjir dreamst fan. We ha al wat finales dien, mar we ha no fiif wiken fuort west. En foarôf wienen we ien fan de kânshawwers op de finale, mar der kin fan alles gebeure op sa'n toernoai. Mar úteinlik is it slagge."
De Fryske assistint-skiedsrjochters Erwin Zeinstra, Jan de Vries en Hessel Steegstra wienen moandei ús gasten yn de SportCast. Dy kinst beharkje op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
En it affysje fan de finale wie ek net ferkeard: twa grutte fuotballannen op it hillige gers fan Wembley. "Moaier kin net."
Hy mocht ek net earder thúskomme, dat hie ik hiel dúdlik mei him ôfpraat.
Frou Helena Zeinstra woe net dat Erwin foar de finale thús wie
Fiif wike fuort fan hûs dus. Dat woe frou Helena ek graach: "Hy mocht ek net earder thúskomme, dat hie ik hiel dúdlik mei him ôfpraat. We steane der itselde yn, ik stean achter him: hy moat salang mooglik yn it toernoai bliuwe." Helena en soan Thomas wienen der sneintejûn by yn Londen. "Ik ha ûntspannen nei de wedstriid sjoen", fertelt Helena. En Thomas geniete ek: "It is in grut stadion mei in soad lawaai. Moai om derby te wêzen."
Moandeitemiddei kaam Zeinstra en de rest fan 'Team Kuipers' oan op Schiphol. Dêr stie him ek in ferrassing te wachtsjen: Kuipers, Zeinstra en de oare assistint-skiedsrjochter (Sander van Roekel) waarden troch de KNVB beneamd ta bûnsridder.

In foarbyld

"Het team van Björn Kuipers is een geweldige ambassadeur van de KNVB en van de Nederlandse arbitrage. Kuipers, Van Roekel en Zeinstra zijn door hun positieve houding en gedrag, toewijding en inzet een voorbeeld voor hun collega-(assistent-)scheidsrechters", seit de KNVB yn in ferklearring.
Team Kuipers, mei Erwin Zeinstra as twadde fan links © ANP
"Ze laten keer op keer zien dat hun succes het resultaat is van hard werken, veel trainen en de bereidheid zichzelf steeds te verbeteren. Hun succes is een inspiratiebron voor jongens en meisjes om ook te gaan fluiten. Velen van hen geven aan Kuipers te zien als hun grote voorbeeld."

Trije Fryske assistinten

Zeinstra wie ien fan de trije Fryske assistint-skiedsrjochters op it EK. De twa oaren, Jan de Vries en Hessel Steegstra, binne de assistinten fan Danny Makkelie. Sy joegen lieding oan de heale finale tusken Ingelân en Denemarken.
Trije fan de fjouwer Nederlânske assistint-skiedsrjochters op it EK praten Frysk en dat befoel net elkenien likegoed:
De KNVB jout ûnderskiedingen as erkenning foar de ynset fan ferieningsfrijwilligers of KNVB-officials mei in lange steat fan tsjinst. Ofhinklik fan de lingte fan de 'tsjinsttiid' en de swierte fan de funksje binne der ferskate ûnderskiedingen.

Foppe en frouljusteam ek al

De Rypster assistint-skiedsrjochter is net de iennige Fries dy't bûnsridder fan de KNVB is. Sa krige Foppe de Haan trije jier lyn deselde ûnderskieding. Ein 2017 waarden ûnder oare Loes Geurts, Sisca Folkertsma en Sherida Spitse bûnsridder.
Dit EK wie it hichtepunt fan Zeinstra syn karriêre: