Yntroduksjefestival foar nije studinten yn Ljouwert giet net troch

12 jul 2021 - 15:53

De yntroduksjewike foar studinten yn Ljouwert, LEIP, wurdt bot ôfslanke. Blikfanger wie it Leip-festival op 16 augustus. Dat giet net troch.

Foto: Christiaan Valk

Alle seistûzen kaarten foar it festival wienen al ferkocht. De minsken krije har jild werom, sa lit de organisaasje witte. De oanskerpe maatregels fan it kabinet jilde oant en mei 13 augustus. It festival is in pear dagen dêrnei, mar dochs is yn oerlis mei de gemeente besletten om dat te skrassen.

Miskien letter yn it jier

Der binne mear dingen fan it yntroduksjefeest dy't oanpast wurde. Ek by oare aktiviteiten binne minder minsken wolkom, sadat de regel fan oardel meter ôfstân oanhâlden wurde kin. It giet dan bygelyks om it yn de kunde kommen mei studinteferienings en de saneamde City Walk.

Der wurdt noch oerlein mei de gemeente om te sjen wat der noch mooglik is. Leeuwarden Student City besjocht oft it ek mooglik is it LEIP!-festival letter dit jier te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)