RIVM: 316 nije besmettingen yn Fryslân

12 jul 2021 - 15:18

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 316 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 138 mear as snein, doe gie it om 178 nije besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Snein stie op it coronadashboard fan de Ryksoerheid dat it tal besmettingen doe leger útfoel fanwegen in efterstân yn de administraasje. In wurdfierder fan it RIVM fertelde letter dat der dochs gjin steuring wie en ek gjin efsterstân yn de sifers.

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 142 besmettingen meld. Snein lei dat trochsneed noch op 100, in wike lyn op 16.

De lêste kear dat der mear as 316 nije gefallen meld waarden, wie op 14 maart. Doe wiene it der 321.

Measten yn Súdwest-Fryslân

De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân mei 61. Dêrnei folgje Ljouwert mei 49 en Smellingerlân mei 46 besmettingen.

Ien stjergefal

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om in ynwenner fan de gemeente Waadhoeke. Der binne gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 8.522 nije coronagefallen registrearre. Snein wiene it der 9.398. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike lanlik 6.619 besmettingen deis registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)