Gemeente rjochtet tydlik parkearterrein yn op De Lemmer

12 jul 2021 - 13:51

Oan de Vuurtorenweg op De Lemmer wurdt in grut, tydlik parkearterrein oanlein foar sa'n 120 auto's. It terrein leit tusken lisplakken foar boaten, oan de súdkant fan it doarp. Fan it terrein moatte minsken maklik nei it sintrum en nei de njonkenlizzende supermerk rinne kinne.

Foto: Google Street View

Gemeente De Fryske Marren hiert it terrein oant de simmer fan 2023. Dat docht de gemeente om't der troch wurksumheden oan it Bantegeaplein en de Merk in soad parkearromte tydlik net beskikber is. Earder binne ek oan it Fedde Schurerplein al 20 plakken oanlein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)