Koloanyen meikoarten hifke troch Unesco: wol of gjin Wrâlderfgoed

12 jul 2021 - 12:52

De kâns liket hiel grut dat Fryslân der in nij wrâlderfgoed by kriget. De Unesco nimt noch dizze moanne in beslút oer de oanfraach fan de Koloniën van Weldadigheid.

"De kâns op de Wrâlderfgoedstatus is grut"

De Koloanyen waarden twahûndert jier ferlyn oprjochte om minsken yn earmoede in kâns te jaan op in nij libben mei in boerepleatske en wat fee.

Nei jierren fan wurk en oanpassingen stiet de oanfraach no op de aginda fan de Unescokommisje dy't dêr ynkoarten oer praat. Yn it foar is posityf advys jûn. "Niks is wis, mar de kâns is grut", seit direkteur Minne Wiersma fan de Maatskippij van Weldadigheid. "Dat positive advys jout ús hâldfêst."

Vierdeparten yn Weststellingwerf

De organisaasje achter it yntsjinjen fan de Wrâlderfgoed-status hat fjouwer koloanyn op de list set. Trije yn Drinte, wêrfan't in gebiet 'Vierdeparten' yn Weststellingwerf leit en ien yn België.

By it hiele ferhaal hearre eins sân koloanyen. Trije yn België binne ôffallen omdat de yntsjinners se net geef genôch fûnen. Boppedat is mei fjouwer de kâns op de status folle grutter.

It beslút falt op it kongres dat fan 15 july oant en mei ein july digitaal hâlden wurdt. Der stean wrâldwiid in soad oanfragen op de aginda. Om de beneaming ekstra feestlik te meitsjen, wol de Maatschappij van Weldadigheid in livestream útstjoere op 25 july. Dan ferwachtsje se dat it bekend wurde sil.

Dan stean wy yn it rychje fan de Sineeske muorre.

Minne Wiersma, direkteur Maatschappij van Weldadigheid

It Waadgebiet en it Woudagemaal hawwe al in Wrâlderfgoedstatus. Wiersma ferwachtet net dat syn koloanyengebiet fuortendaliks feroaret as it ek status kriget. "Mar mei dy status hoechst kultuerhistoarysk net mear oan te jaan hoe belangryk oft it is. Dy status jout bêst wol wat. Dan stean wy yn it rychje fan de Sineeske muorre."

Goede balâns tusken toerisme en wenje/wurkje

Wiersma ferwachtet dat de status wol foar wat mear toerisme soargje sil. "Net ynienen miljoenen toeristen. It is hjir al gesellich drok en it sil wol wat drokker wurde."

Hy wol foaral in goede balâns tusken toerisme en wenjen en wurkjen. "It is ek belangryk dat de minsken dy't hjir wenje en wurkje, itselde genot hawwe as dat se no hawwe."

Minne Wiersma

De gemeente Weststellingwerf hat der ek in soad wurk fan hân, want der moast in soad dokumintaasje oanlevere wurde. Wethâlder Jack Jongebloed is der al fan frij yn it begjin fan it oanfraachtrajekt by belutsen. Hy soe de status in kers op de taart fine.

Wethâlder Jongebloed oer de Koloanyen en de Wrâlderfgoedstatus

(Advertinsje)
(Advertinsje)