Noch grutte ûnwissens: hoe komt it mei de IFKS?

12 jul 2021 - 12:42

Foar de Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS) binne it ûnwisse tiden. No't de besmettingssifers oprinne is it sels mar de fraach of de silerij wol trochgean kin. "Yn alle earlikheid: ik doar op dit stuit net yn te skatten oft it wol of net trochgean kin", seit foarsitter Sicko Heldoorn.

Foarsitter Sicko Heldoorn fan de IFKS - Foto: Omrop Fryslân

Dizze wike hat de IFKS wer oerlis mei de gemeenten. "Wy wolle earst ris hearre wat de gemeenten yn gedachten hawwe. As it giet om it organisearjen fan de wedstriid, dan kin alles. Bygelyks fierder op see of de Iselmar yn. Mar as it giet om it regulearjen fan it publyk, dan sille gemeenten dochs oanjaan moatte wat sy wolle."

Maatregels

De IFKS hat al besletten dat bepaalde ûnderdielen dy't gewoanwei by it kampioenskip hearre, skrast wurde. "Yn 'e mande mei de kommisjes is besletten dat der dit jier gjin palavers, gjin priisútrikking en gjin feest is. Wy wolle dit jier safolle as mooglik digitaal dwaan. De wedstriidlieding hat him dêr ek op taret. De minsken fan de wedstriidorganisaasje moatte faksinearre of test wêze."

Foarsitter Sicko Heldoorn fan de IFKS

Der hie net ien op rekkene dat de besmettingen wer oprinne soene, seit Heldoorn. "Guon frijwilligers en dielnimmers hawwe fakânsjes ferskood, dus it is hiel ferfelend."

Publyk

It grutste punt is en bliuwt it publyk. "Wy binne der hielendal klear foar, mar der is ien fraach dêr't wy noch antwurd fan de gemeenten op krije moatte: wat te dwaan mei it publyk? De pleatslike kommisjes sjogge harsels gjin publyk kontrolearjen op de oardel meter ôfstân. Us frijwilligers binne gjin plysjeminsken."

It bliuwt dus noch tige ûnwis: de IFKS hat alles dien wat sy sels dwaan kinne, de bal leit no by de gemeenten en Veiligheidsregio Fryslân.

IFKS De Lemmer - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)