Dokterswacht set nije middels yn om wachtrigen koarter te meitsjen

12 jul 2021 - 10:38

Chatte en byldbelje: dat binne twa ynnovaasjes dy't de Dokterswacht Fryslân ynsette wol yn de striid tsjin de lange wachtrigen sûnt corona.

Dokterswacht Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Mei de coronakrisis is it folle drokker wurde by de triagisten dy't bûten wurktiid de telefoantsjes oannimme. Triagisten binne doktersassistinten mei in ekstra oplieding. Se binne oplaat om oan de telefoan in ynskatting te meitsjen fan de earnst fan de situaasje. Sa kin, as it nedich is, in húsdokter stjoerd wurde.

"Sjoch earst op thuisarts.nl"

In soad telefoantsjes hawwe lykwols net in soad spoed, seit direkteur Carolien Lodewijk. "We zien en merken dat sinds de coronacrisis mensen zich sneller zorgen maken en dan gaan bellen. Veel kan opgelost worden door eerst even op thuisarts.nl te kijken."

Faak helpt it om, as it net libbensbedriigjend is, earst eefkes ta rêst te kommen.

Truus van der Bij

"Minsken belje ús ek yn panyk", seit triagist Truus van der Bij. "Dan hawwe se in gûlend bern dat wat hat en binne se eefkes kwyt wat se dermei oan moatte. Of se sitte njonken in âlder dy't it dreech hat. Faak helpt it om as it net libbensbedriigjend is, earst eefkes ta rêst te kommen."

"Brûk it boereferstân"

Dat soe it wurk in stik makliker meitsje, tinkt ek triagist Akke Piersma. "Minsken moatte harren boereferstân brûke."

Wat ek foarkomt, seit Van der Bij, is dat minsken belje, wylst se net by de pasjint binne. "Dan hat in heit mei de soan of dochter belle omdat der wat oan de hân is, en dan bellet dy ús út bygelyks Nijmegen op. It is foar ús handich dat we de pasjint sels ek hearre. Dat helpt by it meitsjen fan in ôfwaging."

Chatte en fideobelje

Om de druk te ferminderjen wurdt hurd socht om oplossings, seit Lodewijk. "Landelijk werken we aan een aantal oplossingen, zoals chatten. Dan kun je snel mensen laagdrempelig helpen. Verder hebben wij hier geëxperimenteerd met videobellen. Dat heeft echt goed gewerkt en resultaten opgeleverd. Iedereen was enthousiast. Nu moeten we zien hoe we dat kunnen gaan inzetten. Een ding is zeker: we gaan het niet rustiger krijgen."

De advizen dy't de triagisten jouwe, komme yn in systeem te stean. In húsdokter sjocht se allegearre nei en nimt, as it moat, kontakt op mei de pasjint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)