Toarnbeisykje mei Tomke: spesjale útjefte foar jubilearjend Brommels!

12 jul 2021 - 07:14

Tomke tusken de toarnbeien! is de namme fan in spesjale edysje fan it magazine Tomke, dy't moandei útbrocht wurdt. Yn de bysûndere útjefte belibbet it lytse mantje mei Romke aventueren op it wâldfestival Brommels!

Foto: Brommels!

Foarsitter Albert van der Ploeg fan Noardlike Fryske Wâlden sil moandeitemiddei yn Kollumersweach it ferhaal foarlêze oan pjutten en beukers. "Ik bin tige nijsgjirrich hoe't de bern der op reagearje", seit Van der Ploeg. It wurdt dien op it hiem fan in boer. Mei Sigrid Keimpema en Henk Pilat fan de Commissie Brommels! wurde dêrnei de earste eksimplaren útrikt.

10 jier Brommels!

It wâldpyk-toarnbeifeest Brommels! bestiet 10 jier en wurdt hâlden op 28 en 29 augustus. Dit jier is útroppen ta jier fan it Nasjonaal Lânskip. Om it te fieren hawwe de partijen de hannen yninoar slein foar in temaboekje.

"It wie in idee fan de Stichting Brommels, wy seine: dit moat altyd wêze. It is hartstikke moai yn de Noardlike Fryske Wâlden, dat moatte minsken kennen leare. En bern ek," seit Van der Ploeg.

Foto: Omrop Fryslân

It echte jubileumfeest is ferpleatst nei 2022, mar dit jier is it wol de bedoeling dat minsken gewoan toarnbeisykje kinne. "Boeren stelle harren greiden iepen, dan kinne je by de singels del om toarnbeien te iten. Elts jier is it in geweldich feest, wy hoopje der dit jier ek wat leuks fan te meitsjen."

Foarsitter Albert van der Ploeg fan Noardlike Fryske Wâlden

(Advertinsje)
(Advertinsje)