Baanhurdfytster Alyda Norbruis kwalifisearre foar Paralympyske Spelen

Baanhurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp hat har definityf kwalifisearre foar de Paralympyske Spelen yn Tokio. Norbruis kin foar de tredde kear har dream neijeie. De Paralympyske Spelen binne dit jier tusken 24 augustus en 5 septimber.
Alyda Norbruis (argyffoto) © ANP
Norbruis is út 'e skroeven mei it nijs. "Het is mijn allermoeilijkste, allerzwaarste, allerlangste en meest bevochten traject ooit in mijn topsportcarrière geweest", skriuwt sy op sosjale media. "Het heeft lang op zich laten wachten, maar ook voor mij is het nu eindelijk bekend en officieel."
Alyda Norbruis
Yn 2016 mocht Norbruis de Nederlânske flagge drage op de slutingsseremoanje by de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro.