Swier wykein foar Nyck de Vries by Formule E yn New York

Nyck de Vries hat in dreech wykein efter de rêch yn New York by de Formule E races, it wrâldkampioenskip yn de elektryske raceauto's. De Fryske autokoereur einige sneon as 13e en snein kaam er net fierder as in 18e plak.
Nyck de Vries © Orange Pictures
De alfde race fan it seizoen waard wûn troch Sam Bird út Grut-Brittannië, folge troch Nick Cassidy út Nij-Seelân op it twadde plak. De Portugees António Félix Da Costa kaam as tredde oer de streek.
Bird is mei 81 punten ek de oanfierder fan it klassemint. De Vries stiet no op it tsiende plak mei 59 punten en rint dus 22 punten efter op de Ingelsman.