Mantgum hat genôch jild binnen om baggerdepot te feroarjen yn boarterstún

11 jul 2021 - 21:20

Mantgum hat genôch jild binnen om útein te setten mei de oanpak fan it baggerdepot by it multyfunksjonele sintrum De Wjukken. It is in boppeslach foar it doarp, want in wurkgroep is al in skoft dwaande om subsydzjes binnen te heljen.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It fjild fan it baggerdepot moat feroare wurde yn in lokaasje dêr't Mantgumers rekreëarje en sporte kinne. Under tromgeroffel waard sneon it ophelle bedrach fan 162.500 euro bekend makke. De pot mei jild is in goed begjin, mar der moat noch mear binnenhelle wurde om alle plannen útwurkje te kinnen. Yn totaal is der 300.000 euro nedich.

Fan bagger nei better

"It wurdt hjir in prachtich moai boarters- en rekreaasjeplak foar it doarp", seit Jant van Dijk fan doarpsbelang Mantgum. Der komt ûnder oare in natuerboarterstún, in fisksteger, in kuierpaad, fytscrossbanen, bijeflinterlinten en beammen.

It baggerdepot waard acht jier lyn oanlein, sadat it wetterskip de grûn dy't út de sleatten yn de omjouwing helle wurdt dêr kwyt kin. Mar no wurdt it opromme en giet it fan bagger nei better, is it idee.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Mei de frijwilligersynset yn it doarp kin ek nochris in flink subsydzjebedrach ophelle wurde, tinkt Van Dijk. "As je Europeesk jild ha, dan binne de frijwilligersoeren jild wurdich. Foar elk oere dat ien him ynset yn it doarp, krije wy jild. As it doarp de skouders derûnder set, kinne we ek noch 50.000 euro ophelje."

Doarpsbelang hopet binnen in jier it hiele plan te realisearjen, mar krijt dêr oant 2023 de tiid foar.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma wie yn Mantgum by de bekendmakking fan it bedrach

(Advertinsje)
(Advertinsje)