Nei roerich coronajier rydt Dalstra Reizen wer op it bûtenlan: "We sette troch"

11 jul 2021 - 19:40

Busbedriuw Dalstra Reizen fan Surhústerfean rydt wer op it bûtenlân. De earste reis fan it seizoen giet nei Súd-Dútslân en Eastenryk foar in fytsfakânsje lâns de Donau. Foar direkteur Johan Dalstra is dit it nije begjin dêr't hy al in skoft op siet te wachtsjen.

Foto: Omrop Fryslan

Twa bussen steane klear yn de garaazje. Beide mei in grutte karre derachter dêr't fytsen yn kinne. "De ien rydt troch Grinslân om minsken op te heljen, de oare fia It Hearrenfean. By Arnhem bringe we se byinoar en dan sette we ôf nei Súd-Dútslân", seit Dalstra. Hy rydt it earste stik sels. "Dêr haw ik wol sin yn. We binne der klear foar."

It bedriuw hat, om it sêft út te drukken, in roerige tiid achter de rêch. Oan it begjin fan de coronakrisis waard alles stillein. It bedriuw draaide gjin omset mear en waard in skoft letter fallyt ferklearre.

Dalstra makke in trochstart en wachtet no op it momint dat der wer folop riden wurde kin. "We ha alwer skoalreiskes en deitripkes hân, mar fan de 25 bussen ha der noch mar 8 echt riden."

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Dalstra draait de kaai om. Sûnder problemen start de motor op. "We ha alles neisjen litten, de airco is up-to-date. Minsken oan board moatte allinnich al in mûlkapke op ha yn de bus. Mar we kinne wer en der is animo foar."

Hy lit 'm ek net út it fjild slaan troch it oprinnend tal coronabesmettingen. "De minsken dy't meigean binne allegear faksinearre. Se ha de app of it giele boekje by har."

Dêr ha je altyd foar oan it wurk west, dat je de minsken in moaie reis oanbiede kinne.

Johan Dalstra, direkteur fan Dalstra Reizen

As de bus moandeitemoarn betiid de garaazje útrydt is dat al in momint foar Dalstra. "Dêr ha je altyd foar oan it wurk west, dat je de minsken in moaie reis oanbiede kinne. It is ek moai te sjen, dat de sjauffeur mei in grutte glimlaits op syn gesicht hjir fan de daam rydt."

Mar gewoan is alles noch lang net, de measte bussen steane noch stil achter de garaazjedoar. Foar't alles wer is sa't it wie, binne je al gau jierren fierder. "Ik ferwachtsje net dat alles dit jier noch rydt. We soenen it graach wolle: minsken wer yn tsjinst nimme, wurkgelegenheid jaan. De ôfrûne tiid wie pynlik mar we ha de kop derfoar hâlden en sette troch."

(Advertinsje)
(Advertinsje)