Hilde-Anna de Vries fan Greenpeace: "Takomst lânbou stiet op kearpunt"

11 jul 2021 - 18:15

"Der wurdt in soad praat oer de feesteapel, dy't troch de helte moat, mar it proses dat it tal boeren troch de helte giet, is al folle langer oan 'e gong. Dat fyn ik pynlik." Dat sei Hilde-Anna de Vries, campaigner duorsume lânbou by Greenpeace. De Friezinne om utens siet snein as Simmergast in oere oan tafel yn it programma Buro de Vries.

Hilde-Anna de Vries - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Wy fine it belangryk dat safolle mooglik boeren in goed stuk brea fertsjinje kinne. Se binne no it slachtoffer fan in systeem dat him allinnich op produksje rjochtet", seit De Vries.

Greenpeace pleitet foar in saneamd 'omslachfûns' fan netto 26 miljard euro foar de kommende tsien jier. Dat is dan bedoeld om boeren te helpen in nij bestean op te bouwen, dêr't bygelyks ek natuerbehear ûnderdiel fan wêze kin. Njonken oerheden ha alle skeakels yn de keten dêryn in eigen ferantwurdlikheid, fynt De Vries.

It is foar boeren fet lestich om grien te tinken as se read steane.

Hilde-Anna de Vries

"De Rabobank soe ek syn lieningen yn de yntinsive feehâlderij ôfskriuwe moatte, want it is foar boeren fet lestich om grien te tinken as se read steane", seit De Vries. "Uteinlik soe dat betsjutte kinne dat wy as konsumint wat mear foar ús iten betelje moatte, mar we sille mei ús allen dêr de skouders ûnder sette moatte."

"It nije regearakkoart, dêr't no oan wurke wurdt, soe wolris it kearpunt wêze kinne yn hoe't Nederlân hjirmei omgiet", seit De Vries. "Stikstof en klimaat binne bêst wol grutte ûnderwerpen, mar ik ha wol it idee, no't it CDA dêr in posysje oer ynnommen hat, dat it taboe derôf is."

Fragmint út it petear mei Hilde-Anna de Vries

It folsleine petear mei Hilde-Anna de Vries is te finen op omropfryslan.nl/burodevries en as podcast op de bekende platfoarms.

(Advertinsje)
(Advertinsje)