Van der Bos, Triemstra en Zijlstra winne frijeformaasjepartij yn Boalsert

It keatspartoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra hat snein de frijeformaasjepartij yn Boalsert wûn. Yn in spannende finale fersloegen se Enno Kingma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten yn 5-5 en 6-0.
Koart foar de ein fan de wedstriid stiene Kingma-en-dy noch foar mei 5-3, mar se misten trije kear it perk yn it beslissende earste. Van der Bos wist in keats te fersulverjen en pakte dêrmei de winst en de krânsen foar syn partoer mei Triemstra en Zijlstra.
Erwin Zijlstra waard útroppen ta kening. Hy wie bliid mei de earste oerwinning fan it seizoen. "In lekker gefoel. Al wat muoisum yn de finale, mar úteinlik pakke je him wol en dan binne je seker bliid."
Sjoch nei it beslissende momint yn de finale:
De preemje gie nei Kingma, Van der Schoot en Van Zwieten. It ferlies yn de finale siet Van Zwieten net lekker. "Je steane 5-3 foar en wy fertsjinne it gewoan hjir te winnen. Mar dat dogge we sels net. It is ús de hiele dei net foar de wyn gong."
De lytse preemje wie foar Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Laas Pieter van Straten.
© Martin de Jong
Nei trije partijen binne der trije ferskillende partoeren dy't mei de krânsen oan 'e haal gien binne. Op It Hearrenfean wûn it partoer fan Marten Bergsma, ferline wike yn Stiens pakte it partoer fan Tjisse Steenstra de winst en dizze snein yn Boalsert wiene de krânsen dus foar de formaasje Van der Bos.