RIVM meldt 178 nije coronabesmettingen yn de ôfrûne 24 oeren

11 jul 2021 - 15:38

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 178 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 30 minder as sneon, doe gie it om 208 besmettingen. Yn trochsneed gie it yn de ôfrûne wike om 100 besmettingen deis. Troch in efterstân yn de administraasje falt it sifer snein leger út as dat it werklik is, seit it RIVM.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân mei 41. Dêrnei folgje Smellingerlân mei 29 en Ljouwert mei 26 besmettingen.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

Lanlik

Lanlik binne 9.398 nije coronagefallen registrearre. Sneon wiene it der 10.345. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike lanlik 5.630 besmettingen deis registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)