Konfrontaasje by Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean

11 jul 2021 - 14:04

Tsientallen minsken fan twa kampen hawwe inoar sneon oan ein fan de middei opsocht by it Abe Lenstrastadion foar in konfrontaasje. De plysje wie der gau by om de saak del te bêdzjen.

Foto: Omrop Fryslân

Op bylden op sosjale media is te sjen dat manlju op inoar ôfrinne en dat der fjochterij is. Neffens oare media soe it gean om oanhingers fan SC Cambuur en SC Hearrenfean. De plysje kin dat net befêstigje.

Foar safier bekend binne der gjin ferwûnen fallen by it treffen fan de rivalisearjende groepen. De konfrontaasje wie sneon oan de ein fan de middei. Wat de oanlieding wie, is net bekend. SC Hearrenfean spile net yn it stadion, mar yn Jobbegea. Cambuur spile sneon in thúswedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)