Simmer yn Fryslân: folgje alle aktiviteiten en sport by Omrop Fryslân

Fan moandei 12 july ôf is it wer tiid foar acht wiken lang Simmer yn Fryslân! De wrâld giet stadichoan wer mear iepen, mar net alles kinst al fan tichtby meimeitsje. Omrop Fryslân docht dêrom acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Lês hjir watst fan ús ferwachtsje en by ús folgje kinst.
© Omrop Fryslân

Simmer yn Fryslân komt nei jim ta!

Dizze simmer sil Omrop Fryslân wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Yn it programma 'Simmer yn Fryslân' meitsje wy in acht wiken lange toer troch de provinsje. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Wat bart dêr yn de simmer? En wat fine minsken fan har eigen doarp of wyk?

Simmerblog

Oerdeis is it programma te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn it simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.
Sjogge wy ek yn dyn doarp om it hoekje om de sfear op te snuven? Fynst it hjir!
© Omrop Fryslân

Fierljeppen

Omrop Fryslân docht sneon 4 septimber streekrjocht ferslach fan it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum. Favoriten by de manlju binne Oane en Ysbrand Galama en Nard Brandsma. By de froulju binne Marrit van der Wal, Tessa Kramer en Sigrid Bokma de kânshawwers foar de Glêzen Ljepster.
Op freed 3 septimber jout Omrop Fryslân in foarútblik op it FK yn it Fierljepkafee. Live op radio tusken 18.00 en 19.00 oere. Mei nijsgjirrige ferhalen út it ferline, skerpe analyzes, muzyk en in foarútblik op it FK.

Ekstra livestreams

Neist it populêre FK fersoarget Omrop Fryslân dizze simmer ek fiif ekstra livestreams fan it fierljeppen. It giet om wedstriden op sneon 17 july, sneon 31 july, sneon 14 augustus, sneon 21 augustus en freed 27 augustus. Alle streams binne te sjen fia Omropfryslan.nl.
© Omrop Fryslân

Keatsen

Woansdei 4 augustus belooft in prachtich Simmer yn Fryslândei te wurden mei in soad sport. Tradisjoneel is op dy dei de belangrykste keatspartij fan it jier, de PC. Fan 14.00 oere ôf is de keatspartij te folgjen op telefyzje. Earst mei in gearfetting en dêrnei live keatsen. Fan 09.30 oere is de PC ek te folgjen op radio en online.

Freule

De Freule yn Wommels is in wichtige keatspartij foar de jonges fan 14 oant 16 jier. Dit jier fynt de Freule plak op 11 augustus en is fan 14.00 oere ôf live te sjen op telefyzje en ynternet by Omrop Fryslân. Op radio is de Freule de hiele dei te folgjen.

Frouljus PC

De 45ste edysje fan de Frouljus PC wurdt woansdei 25 augustus yn Weidum keatst en is dit jier live te folgjen by Omrop Fryslân. Fan 14.00 oere ôf binne de partijen op telefyzje en ynternet te sjen. Op radio is de Frouljus PC de hiele dei te folgjen.

PC Kafee

De 168e PC giet troch. En dus giet PC Kafee ek troch. Trije kear, live út De Bogt fen Guné yn Frjentsjer wei. Op sneon 31 july en snein 1 augustus is it programma fan 11.00 oant 12.00 oere te hearren. Op tiisdei 3 augustus fan 18.00 oant 19.00 oere. As fan âlds mei sterke ferhalen, prachtige anekdoaten en livemuzyk.
© Omrop Fryslân

De simmergast fan Buro de Vries

It radioprogramma Buro de Vries hat dizze simmer tsien wiken lang alle wiken in simmergast. Hy of sy is dan in oere lang te gast en njonken in goed petear, draaie we muzyk dêr't de gast wat mei hat. Under mear Henk de Jong, Margreet de Graaf, Nynke Laverman, Pier Eringa, Sander Warmerdam en Sipke Jan Bousema komme del.
© Omrop Fryslân

Wat binne wy moai fuort net?

Wat belibbesto dizze simmer yn eigen provinsje? Wy wolle it witte! Stjoer dyn 'Wat binne wy moai fuort net?' momint yn fia in DM op Instagram en wy meitsje der wat moais fan.