Coronarisiko Fryslân mooglik nei soarchlik

11 jul 2021 - 12:31

Sa't it no liket sil Fryslân kommende tongersdei it risikonivo 'zorgelijk' krije op it coronadashboard fan de oerheid. Dat komt troch it hurd oprinnende tal besmettingen.

Foto: Shutterstock

Oer hiel Nederlân heart Fryslân noch altyd by de regio's mei de minste coronabesmettingen. Grinslân sil nei alle gedachten nei 'zeer ernstig' gean. Dat komt troch it hege tal besmettingen yn studintestêd Grins. Amsterdam komt ek yn it heechste risikonivo. It grutste part fan Nederlân sil nei 'ernstig' gean, it ien nei heechte risikonivo.

Der binne fjouwer nivo's: waakzaam, zorgelijk, ernstig en zeer ernstig.

Trefwurden: 
coronafirus risikonivo
(Advertinsje)
(Advertinsje)