Fryske beachfollybaltalinten gripe neist medalje op EK yn Turkije

11 jul 2021 - 19:59

De Fryske beachfollybaltalinten Brecht Piersma fan Snits en Desy Poiesz út Vegelinsoard binne der snein net yn slagge om in medalje te pakken op it Europeesk kampioenskip ûnder de 20 jier yn it Turkske Izmir. Se ferlearen de wedstriid om it brûns tsjin Denemarken mei 2-0. Earder op de dei hiene se al de heale finale ferlern.

Desy Poiesz (links) en Brecht Piersma (rjochts) - Foto: net bekend

De Friezen begûnen de dei goed yn de heale finale en namen in pear puntsjes ôfstân, mar healwei de earste set gie it inisjatyf nei Bocharova en Gubina út Ruslân. Piersma en Poiesz binne dêrnei net mear yn de wedstriid kaam en mei 16-21 en 15-21 moasten se belies jaan.

De striid om it tredde plak tsjin it Deenske koppel Bisgaard/Windeleff gie earst gelyk op, mar dêrnei sloegen de Deensen ta. Sy pakten úteinlik de winst mei 11-21 en dêrmei ek de brûnzen medalje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)