Berltsum wint de Jongfeintepartij

11 jul 2021 - 10:26

It partoer fan Berltsum hat freed de Jongfeintepartij yn Easterein wûn, in wichtige keatspartij foar junioaren oant en mei 21 jier. De klassiker waard no foar de sechstjinde kear ferkeatst.

It winnende partoer fan Berltsum - Foto: Henk Bootsma

Berltsum wûn yn de finale fan Eksmoarre. Der stiene 21 partoeren op de list mar Peins en Sint-Jabik melden har flak foar de wedstriid ôf, sadat de dei begûn mei 19 partoeren.

Berltsum keatste mei Corné Tuininga, Thomas Dijkstra en Patrick van Dellen. De spannende finale tsjin Eksmoarre (Christiaan Stremler, Gerben de Boer, Pieter Jan Leijenaar) waard beslikke mei alles oan 'e hang. Berltsum wist in lytse keats foarby te slaan en behelle sa de einoerwinning.

Berltsum helle de finale troch oerwinningen op Menaam (5-1 en 6-6), Bitgum (5-4 en 6-0) en Dronryp (5-3 en 6-0). Eksmoarre sette Spannum (5-2 en 6-0) Frjentsjer 1 (5-4 en 6-0) en Ingelum oan'e kant.

De tredde priis yn Easterein wie foar Dronryp 1.

(Advertinsje)
(Advertinsje)