"Het was insteken, raken en hij lag in het netje"

Assistint-trainer Pascal Bosschaart van Cambuur sjocht mei tefredenheid werom op de earste oefenwedstriid fan it nije seizoen. De Ljouwerters wûnen mei 6-0 fan earstedifyzjonist Telstar.
Pascal Bosschaart
Bosschaart kaam yn aksje omdat trainer Henk de Jong fanwege in mooglike coronabesmetting yn syn famylje út foarsoarch thússbleaun wie. Bosschaart oer de wedstriid: "Het veldspel was om tevreden over te zijn." De sechsde goal wie in genot om te sjen, fynt er: "Het was insteken, raken en hij lag in het netje. "
Sam Hendriks
Spits Sam Hendriks makke ek in doelpunt. Hy krige de bal út in foarset troch de skonken fan de tsjinstanner. "Toen kwam hij ietsje achter me. Gelukkig kon ik hem vol onder me erin rollen."