Winst foar Sijbrandij, Scheepstra en De Groot yn Boalsert

11 jul 2021 - 09:17

Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Amarins de Groot pakten freed de oerwinning op de haadklassefroulju yn Boalsert. Yn de finale waarden Jildou Sweering, Margriet Bakker en Harmke Siegersma mei 5-2 en 4-6 oan 'e kant set.

It winnende partoer yn aksje - Foto: Omrop Fryslân, Jorrit Meinsma

It winnende partoer spile in spannende heale finale tsjin Tineke Dijkstra, Lotte Delgrosso en Jennie Terpstra. Op 5-5 en 6-4 waard dy partij beslikke. It partoer fan Jildou Sweering hie it minder dreech om de finale te heljen: Aletta van Popta, Anne Monfils en Miranda Scheffer waarden mei 5-2 en 6-4 ferslein.

It wie foar Amarins de Groot de twadde krâns yn dit noch jonge seizoen. Foarich wykein behelle se mei har ôfdielingspartoer yn eigen doarp de winst op de Jong Fammepartij yn Mantgum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)