Fierljeppers skerp yn Winsum, útsein topklassers

In soad nije persoanlike rekôrs, mar de topklassers hienen it dreech. Sneon wie yn Winsum de fjirde fierljepwedstriid fan it seizoen.
© Martin de Jong
Yn Winsum waarden in soad persoanlike rekôrs oanskerpe by de fjirde fierljepwedstriid fan it seizoen. Tessa Kramer wûn by de froulju mei in PR fan 16.32 meter en Arend Veenstra pakte de titel by de jonges mei in grou nij PR fan 18.27 meter. Riemer Durk Krol ljepte mei 18.70 meter (PR) nei de winst by de junioaren.
By de topklasse foelen de ôfstannen wat ôf. Oane Galama kaam as iennige oer de 20 meter. Hy sprong 20.09 meter.

"Kûle yn de oanrin nei de barte"

De topklassers hienen it dreech yn Winsum. In hiel soad wietsprongen en meagere ôfstannen. Sytse Bokma (19.12) en Nard Brandsma (19.41) kamen ien kear oer de 19 meter. Oane Galama hie oan 20.09 meter genôch foar syn twadde deititel op rige.
Neffens Galama siet der in kûle yn de oanrin nei de barte. Dat soarge foar in lestige ynsprong en sadwaande minne resultaten.
Oane Galama wint yn Winsum
Op de oare beiden skânsen gie it gâns better. By de froulju ljepte Tessa Kramer nei de winst mei in nij PR fan 16.32 meter. Dat wie rom fierder as Femke Rispens (14.88) en Pytrix Westra (14.73).
By de famkes wûn Inger Haanstra mei 14.86 meter, foar Hanneke Westert (14.74) en Hilde van der Weij (14.01).
Tessa Kramer ljept oer de 16 meter
Op de middelste barte gie it in stik better. By de jonges groeit Arend Veenstra út Surhuzum út ta in fenomeen. Yn alle wedstriden oant no ta ljept er nije PR's. Yn Winsum sprong er sels trije op rige. Syn persoanlik rekôr stie sûnt woansdei yn Drylts op 16.81 meter. Yn Winsum ljepte Veenstra nei 17.55 en 17.61 úteinlik nei in prachtige 18.27 meter.
Ek Riemer Durk Krol út Heech skerpe syn bêste prestaasje oan. Hy kaam by de junioaren ta in nij PR fan 18.70 meter. Minne Smit waard dêr twadde mei 18.01, it brûns gie nei Wisse Broekstra (17.49).
Arend Veenstra fenomeen by de jonges