Trainer Jansen tefreden oer oefenduel SC Hearrenfean: "Een mooie stap vooruit"

10 jul 2021 - 22:54

Trainer Johnny Jansen is tefreden oer de oefenwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin KV Kortrijk. It duel tsjin de Belgen einige yn in 2-2 lykspul.

Johnny Jansen

"Ik ben zeker tevreden. En dan praat ik niet alleen over deze wedstrijd, maar over de hele week die we hebben neergezet. Ik vind dat we echt een mooie stap vooruit hebben gemaakt", seit Jansen.

De dissipline fan it ferdigenjen en it trochdekken fan de sintrale middenfjilders wie neffens Jansen hiel aardich, mar kin noch wol better. "En in het balbezit vond ik dat we heel aardig de man er tussendoor konden spelen, alleen daar waren we soms net even wat te slordig."

Joey Veerman

"Volgens mij hebben wij in de tweede helft Kortrijk wel aardig weggetikt", konkludearret middenfjilder Joey Veerman. "Dat resulteerde in twee goede goals. De 2-2 geven we uiteindelijk zelf weg."

Yn de oefenwedstriid waarden in soad spilers wiksele. Dêrtroch is it noch net echt dúdlik op hokker nivo de ploech no sit. "We zijn pas twee weken bezig. Ik denk dat dat ook helemaal niet aan de orde is. Voor twee weken leggen we aardig spel op de mat en dat hebben we vorig jaar niet gedaan. Daar ben ik wel tevreden over", seit Veerman.

Nei in oare klup?

It is noch net wis oft Veerman kommend seizoen noch by Hearrenfean fuotballet. Hy wol graach de stap meitsje nei in oare klup, bygelyks ien yn it bûtenlân. "Zolang ze mij hier houden en ik hier ben, doe ik natuurlijk gewoon mijn best en zal ik er alles aan doen om zoveel mogelijk wedstrijden te winnen en zo goed mogelijk te spelen. Alleen ik hoef het niet onder stoelen of banken te schuiven dat ik graag een transfer wil maken."

Veerman soe neffens de berjochten nei Italië wolle, nei Verona, mar sels ûntkent er dat. "Dat heb ik helemaal niet gezegd. Italië en Spanje zijn wel de favoriete landen, maar ik heb altijd gezegd dat ik in de top van Nederland ook wel graag zou willen spelen. Dus dat zou ook prima kunnen."

Hy hat sels noch net yn petear west mei in klup, mar Hearrenfean wol, seit Veerman. "Ik weet wel dat zij een bod hebben gedaan. Maar volgens mij accepteert Heerenveen het niet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)