Skûtsje Wâldsein wint foarwedstriid en tankt betrouwen foar SKS-kampioenskip

10 jul 2021 - 21:59

It skûtsje fan Wâldsein mei skipper Klaas van der Meulen hat de SKS-foarwedstriid op de Hegemer Mar wûn. De debutearjend skipper late syn skûtsje yn de earste wedstriid nei it tredde plak en yn de twadde wedstriid nei it earste plak. Dat wie foldwaande foar de einoerwinning.

Foto: Martin de Jong

De start fan de earste wedstriid waard yn ferbân mei te min wyn earst noch útsteld. Om healwei tolven koenen de skûtsjes dochs los. It skûtsje fan Ljouwert mei skipper Willem Zwaga kaam as earste oer de einstreek, folge troch Earnewâld en Wâldsein.

Mear wyn by twadde wedstriid

Yn de middei waaide it hurder, dêrtroch koenen twa rûntsjes syld wurde op de trijehoeksbaan dy't de organisaasje deryn lein hie. It skûtsje fan Wâldsein kaam no op it thúswetter as earste oer de streek. It twadde plak wie foar Grou, it tredde foar De Jouwer.

Dêrmei wie de einoerwinning foar Wâldsein mei 3,9 punten. Grou wie twadde mei 7 punten en Ljouwert makke it poadium kompleet mei 7,9 punten.

Kampioenskip SKS yn oanpaste foarm

Freed waard dúdlik dat it SKS Kampioenskip dit jier yn in oanpaste foarm plakfine sil. Der wurde gjin wedstriden syld by Grou en Langwar en der mei gjin publyk by de wedstriden oanwêzich wêze. It kampioenskip set op 26 july útein by De Feanhoop. Omrop Fryslân sil wiidweidich ferslach jaan fan de wedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)