SC Cambuur behellet romme oerwinning by earste oefenwedstriid

10 jul 2021 - 21:01

SC Cambuur hat de earste oefenwedstriid in oanrin nei it nije seizoen mei 6-0 wûn fan earste difyzjeploech Telstar. Nei 20 minuten wie it al 3-0. Nei it skoft ferdûbele Cambuur dy skoare yn it eigen stadion yn Ljouwert.

Foto: Orange Pictures

By de Ljouwerters siet haadtrainer Henk de Jong net op de bank. De Jong wie der út foarsoarch net by yn ferbân mei in mooglike coronabesmetting yn syn famylje. Dêrom naam Pascal Bosschaart, gewoanwei in assistint fan De Jong, syn plak yn.

Cambuur sjit út de startblokken

Bosschaart seach dat syn ploech binnen in kertier op foarsprong kaam. Nei in foarset fan Nick Doodeman kopte oanfierder Erik Schouten de 1-0 efter doelman Abdel El Ouazzane fan Telstar. Fjouwer minuten letter wie it alwer raak: no wie it Sam Hendriks dy't de bal tusken de peallen krige.

Dêrnei koe ek de 20-jierrige Sil Bos skoare. De ferdigener út it ûnder-21-alvetal fan Cambuur skeat de bal yn de 18e minút yn de goal: 3-0. Dêrnei gie de Cambuur-stoarm wat lizzen en krige Telstar sa no en dan ek wat kânskes.

Yn de 43e minút krige Cambuur wer in grutte kâns om de skoare fierder út te wreidzjen. De Ljouwerters krigen nammentlik in strafskop, nei't Tol festholden waard. Sam Hendriks mocht it fan alve meter besykje, mar El Ouazzane koe de bal keare.

Tsien oare nammen by Cambuur

Nei it skoft brocht Cambuur tsien nije spilers yn it fjild. Allinnich keeper Sonny Stevens mocht stean bliuwe. Der wiene in stik minder kânsen as yn de earste helte. Dochs waard it yn de 67e minút 4-0. Mei in stekbaltsje berikte Dylan Smit Alex Bangura en de man dy't yn Sierra Leone berne waard sette de fjirde goal foar de Ljouwerters op it skoareboerd.

Dêrnei krige Cambuur de smaak wer te pakken. Earst belâne in skot fan Stefan Deuling fia in tsjinstanner yn de goal en letter wie it Tom Boere dy't de ynfallen âld-keeper fan SC Hearrenfean, Trevor Doornbusch wist te passearjen: 6-0. Skoard waard der dêrnei net mear en sa stapte Cambuur mei in romme oerwinning fan it fjild.

(Advertinsje)
(Advertinsje)