Lange wachttiden en tûzen telefoantsjes op in dei by Dokterswacht Friesland

10 jul 2021 - 20:41

Yn de wykeinen is it smoardrok by de Dokterswacht yn Fryslân. Der binne lange wachttiden oan de telefoan en op guon tiden komme der wol tûzen telefoantsjes op in dei binnen. Neffens foarsitter Mirjam Talsma fan de húsdoktersposten hat dat alles te krijen mei de coronakrisis.

Drokte by de Dokterswacht

Minsken binne ûngerêster en belje dêrtroch gauer mei de húsdokter. "Hjir wurdt besjoen oft wy de pasjint sjen moatte op de posten yn Ljouwert, Dokkum, Snits, It Hearrenfean en Drachten. Of kin it mei gewoan advys ôf en kinne de minsken fierder oant moandei wachtsje?", leit Talsma út. De Dokterswacht is foaral bedoeld foar dy gefallen dy't net wachtsje kinne.

De wachttiden oan de telefoan rinne wol gauris op oant in oere. Triagist Truus van der Bij krijt al dy telefoantsjes fan ûntrêstige minsken binnen. Sy moat de seleksje meitsje hokker minsken wol en hokker net nei de húsdokter meie en dat is troch de drokte in stik dreger wurden.

Dokterswacht Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Neffens Talsma en Van der Bij is it no folle drokker as foar de coronakrisis en yn it begjin dêrfan. "Der hat natuerlik in tiid west dat minsken net mear doarden te beljen, of se doarden wol te beljen, mar net mear te kommen", seit Van der Bij.

"No krijt elkenien wer wat mear frijheid, elkenien hat syn ûnwissichheden, bliuwt rinnen mei bepaalde klachten. Dy wolle no dochs antwurd ha en earder witte wêr't se oan ta binne. Dat kin net allegear mear wachtsje, fine se sels", stelt Van der Bij. "En dêr binne wy foar, in hiel soad minsken sjogge ús as ferlingstik fan de húsdokter, wylst wy eins allinnich foar de spoedgefallen binne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)