Motortreffen by ferpleechhûs yn Beetstersweach foar bewenner Willem Hof

Ferpleechhûs Ikenhiem yn Beetstersweach wie sneon de lokaasje foar in spesjaal motortreffen. Sa'n 140 motorriders fan in ferskaat oan klups út Fryslân kamen dêr spesjaal foar bewenner Willem Hof.
Motorfreonen gean by Willem del yn it ferpleechhûs
Hof is krekt foar de coronakrisis yn it ferpleechhûs rekke, nei't er in harsenblieding krige. Syn grutte passy, it motorriden, sit der net mear yn. Elk heal oere gie der sneon in nije groep fan tweintich motorriders by him op besite.
"Willem wie in man dy't der elts wykein op út luts. Dan ried hy nei in motortreffen ta, sette syn tintsje op, dronk in bierke, prate wat oer de motoaren en dan de folgjende dei wer nei hûs", seit Christina Zeilstra. "Dat is no oer." Zeilstra organisearre dêrom mei har kollega Nathalie Nijhuis it spesjale evenemint by it ferpleechhûs.
Hy moat net feriensumje en dêrom is dit no sa moai. Dan witte dy mannen wêr't hy sit en dat se bêst in kear lânskomme kinne.
Christina Zeilstra
"Mei corona wie it dreech om besite te krijen, dan koe der mar ien komme. Willem hie dêr lest fan", fertelt Zeilstra. "Hy moat net feriensumje en dêrom is dit no sa moai. Dan witte dy mannen wêr't hy sit en dat se bêst in kear lânskomme kinne. De drompel is net sa heech."

Emosjoneel wersjen

It waard bytiden emosjoneel. Foar Willem sels, mar ek foar de gasten. Sjaak Nijboer, syn âld-buorman, wurdt it efkes tefolle as hy fertelt hoe belangryk oft dit is foar Willem. "Ja, dit docht my wol wat. Al dy minsken dy't hjir foar him komme. Sa'n leave man. Dit wie syn libben, dei yn, dei út."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Willem sels sit yntusken te genietsjen. Oer syn beheiningen wol hy it no leaver net ha, mar dúdlik is dat hy syn skerpe tong noch lang net kwyt is. Foar elkenien hat hy wol in wurdsje oer. En as hy ien kear mei syn rolstoel tusken de motoaren stiet , dan is Willem thús. Sichtber genietsjend fan alle oandacht en alle kadootsjes.