Oefenduel SC Hearrenfean tsjin KV Kortrijk einiget yn lykspul

10 jul 2021 - 18:03

SC Hearrenfean hat yn Jobbegea syn twadde oefenwedstriid ôfsletten mei in lykspul. It duel tsjin KV Kortrijk einige sneontemiddei mei 2-2 op it skoareboerd. De wedstriid waard spile sûnder publyk.

Foto: Orange Pictures

KV Kortrijk kaam al yn de fjirde minút op foarsprong. Doelman Xavier Mous wie kansleas nei't in skot fan Chevalier fan rjochting feroare: 1-0. De Belgen kreëarren noch in pear kânsen, mar dy giene allegearre net yn it doel fan Hearrenfean. Fan Fryske kant waarden de kânsen yn de earste helte net fersulvere. Sa gie bygelyks in frije traap yn de 14e minút neist it doel fan Kortrijk.

Twa goals fan Halilovic

Dat feroare rap yn de twadde helte. Yn de 50e minút skeat Tibor Halilovic de bal hurd fia de paal yn it doel fan Kortrijk. Tsien minuten letter kaam Hearrenfean op 2-1 foarsprong, opnij troch Halilovic.

Dêrnei sloech de wurgens ta by beide klups, mei troch it benaude waar. Der waard oan beide kanten om raak wiksele, wat foar Kortrijk posityf útpakte. Gueye sette de Belgen yn de 79e minút wer op likense hichte mei in hurde kopbal: 2-2. Dêrnei slagge it beide klups net mear om noch wat oan dizze stân te feroarjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)