Mear as 200 nije besmettingen yn Fryslân, heechste tal sûnt 4 maaie

10 jul 2021 - 15:26

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 208 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 73 mear as freed, doe gie it om 135 besmettingen. It is foar it earst sûnt 4 maaie dat it oantal wer boppe de 200 is. Yn trochsneed gie it yn de ôfrûne wike om 78 besmettingen deis.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne meld yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren, mei elk 34 besmettingen. Dêrnei folget Ljouwert mei 32.

Allinnich op Skylge, Flylân, It Amelân en Skiermûntseach binne sneon gjin nije besmettingen meld.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 10.345 nije coronagefallen registrearre. Dat is it heechste oantal sûnt ein desimber. Freed wiene it der 7.002.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)