PC binnen 10 minuten útferkocht, lytse kâns op dochs noch in kaart

De wichtichste keatswedstriid fan it jier is binnen 10 minuten útferkocht. De site fan de PC wie sneon in skoft oerbelêst. Minsken klagen dat se der net op komme koene.
© ANP Foto
De nije coronamaatregels hawwe ek ynfloed op it tal kaarten dat ferkocht wurdt foar de wedstriid yn Frjentsjer. Der binne sa'n 2000 kaarten minder beskikber.

Kaarten frij troch mislearre transaksjes

De kaartferkeap gie sneontemoarn om 10 oere los. It wie dreech om dertroch te kommen. "It wie hektysk", seit Ids Hellinga fan de PC. "Nei tsien minuten wie der net in kaart mear te krijen."
Sneon komme yn de rin fan de dei noch wol wat kaarten frij troch bygelyks betellingen dy't mislearre binne. Hellinga riedt belangstellenden oan it nochris te besykjen.

Boaiem kas komt yn sicht

Troch de corona is de PC ferline jier net trochgien. Dit jier dogge se minder kaarten yn de ferkeap om it sportevenemint coronafeilich te hâlden. Dat hat syn wjerslach op de kas fan de PC. De boaiem begjint aardich yn sicht te kommen, seit Hellinga. Boppedat is der befeiliging en dat kostet ek jild.

QR-koade ek op print

Besikers dy't in kaart hawwe, moatte deryn mei in corona-QR-koade. Dat kin op de telefoan, mar it mei ek in print wêze.