Omrop TIP: Beklimmers fan it flakke lân (diel 1): Perspektyf

10 jul 2021 - 11:50

Mei de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' skriuwt FryslânDOK in nij ferhaal foar it plattelân. Dizze wike diel 1: perspektyf. Te sjen op 10 july by NPO2 en op 11 july by Omrop Fryslân. By elke ôflevering heart ek in podcast, dizze wike prate we mei filosoof Hans Peter Benschop.

Podcast

FryslânDOK bringt by de Beklimmers-searje in podcast út dêr't de belutsen wittenskippers wiidweidich ynterviewd wurde. Dy 'Ferhalen fan it flakke lân' wurde makke troch Bart Kingma en Karen Bies. Yn diel 1 'Perspektyf' is dat filosoof Hans Peter Benschop. Hy tinkt dat der in grut misbegryp is tusken plattelanners oan de iene kant en wittenskippers en bestjoerders oan de oare kant. As dy lêsten har oars opstelle soene nei it plattelân ta, is dat folle fruchtberder, seit Benschop.

Perspektyf

Op it Fries Sociaal Planbureau (FSP) binne se bekend mei 'de Friese paradox': yn Fryslân leit it wolfeartsnivo leger as gemiddeld yn ús lân, mar de Friezen fiele har lokkiger. Fryslân soe syn eigen kwaliteiten better ûntwikkelje kinne.

Dat is presys wat se dogge yn Blije. Ynwenners lizze har net del by de kwalifikaasje 'krimpdoarp', mar wurkje mei ynmoed oan in sa goed mooglik libben yn it doarp. Ien fan de inisjativen is 'de terp fan de takomst', wêrmei't Blije it fizier rjochtet op it Waad en de rike kultuerhistoarje.

Harry Feenstra, betinker 'Terp fan de Takomst' - Foto: Omrop Fryslân

Beklimmers

Mei de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' jout FryslânDOK romte oan nije inisjativen, faak lytsskalich en lokaal, basearre op grutte ideeën en idealen. Fan pluktunen oant technologyske ynnovaasjes, fan in 'Blue Zone' oant nije foarmen fan demokrasy. Alle njoggen ôfleverings hawwe in eigen tema: perspektyf, natoer & lânskip, lânbou, sûnens, it doarp fan de takomst, jongeren, bestjoer, spiritualiteit en, as lêste, de Fryske kultuer. De plannen en ideeën komme fan wittenskippers en fan de plattelânsbewenners sels.

De FryslânDOK-searje is makke troch programmamakkers Bart Kingma en Albert Jensma. It kamerawurk is fan Jan Bensliman, en Bauke de Haan die de montaazje.

Programmamakker Albert Jensma, kameraman Jan Bensliman en programmamakker Bart Kingma - Foto: Omrop Fryslân

FryslânDOK: Beklimmers fan it flakke lân, diel 1: Perspektyf. Dit is in werhelling fan 24/25 oktober 2020

Sneon 10 july, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 11 july 13.10 oere)
Snein 11 july, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)