Persoan yn boarst stutsen yn Ljouwert

Yn it sintrum fan Ljouwert is freedtenacht ien yn it boarst stutsen. It slachtoffer is sels nei it sikehûs ta gien foar behanneling fan syn ferwûningen. Der is in fertochte oanhâlden.
© AS Media
De stekpartij wie om ien oere nachts hinne op it Waagplein. Dêr soe rûzje west hawwe tusken meardere persoanen.
De plysje hat nei oankomst fuortendaliks in 33-jierriger fertochte oppakt. Dy hie in mes en ek in stroomstjitwapen by him.
De plysje hat it stekynsidint yn ûndersyk.