Buma: Druk op húsdokter en GGD makket maatregels corona needsaaklik

10 jul 2021 - 10:30

De sikehûssifers gean noch net omheech, corona leit wol in grutte druk op de húsdokters en de GGD'en. Dat seit boargemaster Buma fan Ljouwert nei oanlieding fan de sluting fan de nachthoareka.

Buma: No yngripe foardat it út de hân rint

It kabinet trapet op de rem, sa waard freed bekend. Mei ferskerpe coronaregels komt benammen it útgeanslibben der oant en mei 13 augustus wer oars út te sjen. Sa moat tusken 00:00 oere nachts en 06:00 oere moarns alle hoareka tichtbliuwe. Binnendoar likegoed as bûtendoar is de oardelmeterôfstân en in fêst sitplak wer de noarm.

Feestjes en stappen

Troch de Deltafariant ferspriedt it coronafirus him rapper as earder. Dat komt neffens demisjonêr premier Mark Rutte benammen troch feestjes by minsken thús en troch it stappen yn kafees, diskoteken en klups. Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert stiet achter de nije maatregels fan it kabinet.

Utgeansgebiet it Ruterskertier yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Foar de nachthoareka is it ekstra sneu, fynt Buma. Se hawwe fan it begjin ôf ticht west en binne krekt wer iepen. Mar foar klups is oardel meter ôfstân hâlde en sitten bliuwe gjin opsje, want it binne dûnsgelegenheden.

Smoardrok by húsdokters en GGD

De druk leit no benammen by de húsdokters, want dêr gean minsken hinne as se besmet binne, seit Buma. Fierders hawwe de GGD'en it smoardrok mei tagongstesten en it neibeljen fan minsken dy't yn kontakt west hawwe mei in besmette persoan. Sy moatte harren op it faksinearjen konsintrearje kinne, fynt Buma.

Gjin regionale maatregels, corona is oeral

Buma sjocht neat yn regionale maatregels om it coronafirus derûnder te krijen. Jo moatte it net ûnderskatte, seit er. Yn Fryslân komme ek jongeren byinoar. Net allinnich yn de stêden, mar ek yn de doarpen. En yn Fryslân gean ek jongeren op fakânsje mei it gefaar fan útbraken, opperet Buma mei in ferwizing nei de resinte coronaútbraak yn in surfkamp op It Amelân.

Boargemaster Buma

(Advertinsje)
(Advertinsje)