Noch fjouwer spantsjes briedende skiere hoanskrobbers

10 jul 2021 - 09:20

De krekte lokaasjes moatte geheim bliuwe, mar rûchwei tusken De Westhoek en Holwert hawwe fiif spantsjes fan seldsume skiere hoanskrobbers (grauwe kiekendieven) harren bêst dien om piken grut te krijen. Ien nêst is leechfretten troch in oar rôfbist, mar fûgelbeskermers hawwe in metoade om soks foar te kommen.

In koai moat de skiere hoanskrobbers beskermje

Freed is in koai om it lêste ûnbeskerme nêst pleatst fan de skiere hoanskrobbers. De koai moat benammen foksen en stienmurden keare, mar de fûgels kinne der wol yn en út fleane. Predaasje is net allinne in probleem foar greidefûgels, mar ek foar guon predatoaren sels.

"It liket reedlik"

Der binne dit jier net in soad mûzen: de favorite proai fan de fûgels. Dat der dochs noch safolle úteinset binne mei brieden, is dan ek bysûnder. Ek Rudy Fopma fan it Grauwe Kiekendief Kenniscentrum voor Akkervogels is posityf: "It liket op himsels allegearre noch wol reedlik."

It lêste nêst fan skiere hoanskrobbers dat beskerme wurdt dizze maitiid - Foto: Omrop Fryslân

Mar it bliuwt fansels ôfwachtsjen oft se de piken fierder noch in bytsje grut krije kinne. En dat liket oant no net sa ferkeard. De earste trije wiken âlde piken binne freed ringe. Yn de measte nêsten sitte trije piken en yn it lêst beskerme nêst twa.

Grinslân

Wat mooglik helpt is it bûtendykske natuergebiet dêr't ek lytse fûgels omfleane dy't as alternative proai tsjinje kinne. Benammen it giele boumantsje (gele kwikstaart) is in soart dy't wol fretten wurdt. De lêste jierren briede der meastentiids sa'n fiif spantsjes skiere hoanskrobbers yn Fryslân, it meast op ikkers.

De soart drige earder út te stjerren. Benammen troch maatregels yn Grinslân is dat foarkommen en binne de skiere hoanskrobbers ek wer weromkaam nei Fryslân, dêr't in fêste groep natuerbeskermers se helpt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)