Gjin positive coronatesten mear by olympyske turnploech

De hiele Nederlânske turnploech mei dêryn Epke Zonderland is negatyf test op it coronafirus. Ek de atleet dy't freed posityf wie. De turnploech wie freed previntyf yn karentêne gien.
© ANP Foto
De manljusploech en begelieding set snein ôf nei Tokio. By de manlju wie gjin sprake fan nau kontakt mei de sporter dy't ynearsten posityf test waard op corona.
Ut foarsoarch sille sporters en stêf fan it frouljusteam de kommende dagen yndividueel traine op It Hearrenfean. De froulju wurde yn dy perioade ek test. As de resultaten negatyf bliuwe, kinne de froulju ek nei Tokio foar de Olympyske Spelen.