Welcome to The Village definityf skrast: fysyk festival net mear mooglik

10 jul 2021 - 14:54

It festival Welcome to The Village giet dit jier definityf net troch. De organisaasje fan it festival yn Ljouwert soe in oanpast festival hâlde, mar troch de nije coronamaatregels kin ek dat net trochgean. It is de safolste klap foar it festival.

Welcome to the Village definityf skrast

It festival wie yn 't earstoan fan doel om takom wike útein te setten yn rekreaasjegebiet Griene Stjer by de stêd, mar troch flaters yn de fergunning en yngripen fan stichting Groene Ster Duurzaam giet it evenemint net troch. De rjochter skrast de fergunning fan it evenemint.

"We hadden een waanzinnig alternatief, we hoefden het alleen nog in te kleuren", is te lêzen op de Facebookside fan it festival.

Gjin alternativen mooglik

De organisaasje lit yn de ferklearring witte: "Samen met Neushoorn, De Harmonie en De Markies waren we druk bezig om een festivalterrein van het Harmoniekwartier te maken, met optredens in Neushoorn en De Harmonie, een gigaterras voor De Markies, daaromheen een coronaproof bubbel. Maar op anderhalve meter én met maximaal tweederde van de capaciteit kunnen we inhoudelijk geen alternatieve vorm van WTTV (of Welcome to The City, zoals we deze variant al hadden gedoopt) aanbieden."

Jild werom

No't it festival hielendal net trochgiet, krije minsken dy't in kaartsje kocht hawwe, harren jild werom, meldt de organisaasje op de webside fan it festival. "We vragen alleen even wat geduld om dit in te richten."

Foto: Leo Middelsé
(Advertinsje)
(Advertinsje)